'Ierappels binne kâlde maitiid goed trochkommen'

16 jul 2015 - 20:51

It soe wolris hielendal goed komme kinne mei de ierappels op it lân. Se dogge it miskien wol better as tocht. Nei alle gedachten hawwe se dochs net in soad lêst hân fan de kâlde maitiid en de droechte. Dat docht bliken út in stekproef op it proeffjild fan de Fries Groninger Kwekersvereniging by Easterbierrum. Dêr besykje de fyftich leden fan de feriening nije en bettere ierappelsoarten te kweken.

Der steane 45 nije rassen op it fjild. Pas oer fyftjin jier moat bliken dwaan oft der in nije borger of bintsje tusken sit. Sa lang moat der krúst en útprobearre wurde troch de boeren. De opbringst is dit jier lykwols goed. Der sit gjin sykte yn de ierappels en se binne grut en moai fan kleur.

Trefwurden: 
Easterbierrum ierappels
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)