Gemeente Hearrenfean freget bedriuwen om tsjinprestaasje

16 jul 2015 - 19:06

De gemeente Hearrenfean fynt dat bedriuwen dy't de gemeente ynhiert, wat werom dwaan moatte foar de maatskippij. Dat wurdt ek wol 'social return' neamd. Sûnt in jier binne opdrachtnimmers en leveransiers dy't mear as 100-tûzen euro fertsjinje ferplichte wat te dwaan, alteast as se yn opdracht fan de gemeente wurkje. En dat begjint no fertuten te krijen.

Oant no ta hawwe 23 minsken in tydlik wurkplak of in oplieding krigen yn it ramt fan social return. Mar ek de pannakoai yn Akkrum is der kommen as sosjale tsjinprestaasje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)