Famke falt út útkyktoer op De Jouwer

16 jul 2015 - 16:28

In famke is tongersdeitemiddei út in útkyktoer fallen flakby it swimbad op De Jouwer. De toer is tsien meter heech. It is net dúdlik fan hokker hichte oft it famke fallen is. It famke foel neidat in stek ôfbrutsen wie. Se is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht.

De toer is fan de gemeente. Plysje en gemeente dogge ûndersyk nei de oarsaak fan it mankemint oan de toer wêrtroch't it ûngelok barre koe. Redenen kinne efterstallich ûnderhâld en fandalisme wêze, mar ek oare oarsaken wurde net útsluten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)