Hân brûken leare op simmerkamp Ronald MC Donald Hoeve

16 jul 2015 - 15:59
  • Simmerkamp yn it teken fan hendikepte hân brûken leare

Yn de Ronald MC Donald Hoeve yn Beetstersweach is fan 't simmer twa wiken lang in simmerkamp foar jongerein dy't mar ien hân brûke kinne. Dat kin komme troch in ûngelok oft om't se berne binne mei in hendikep.

Tolve jongerein fan 12 oant 18 jier dogge mei oan de aktiviteiten. Om dy noch krekt efkes wat lêstiger te meitsjen moasten sy alles mei de hân dwaan dy't se net sa goed brûke kinne. Elk bern hat in eigen leardoel, lykas it iepenjen fan it pûde sjips mei ien hân.

It kamp is in insjatyf fan de ôfdielings bernerevalidaasje Fryslân, Grinslân en Emmen. Freed is de lêste dei fan it simmerkamp yn Beetstersweach. Dan komme de heiten en memmen om te sjen hoe't it mei de bern giet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)