Boat yn Ljouwerter jachthaven útbaarnd

16 jul 2015 - 15:41
  • Boat yn jachthaven Ljouwert útbaarnd

De brânwacht yn Ljouwert moast tongersdei yn aksje komme foar in brân yn in boat. Der kaam in melding oer brân yn De Nieuwe Leeuwarder Jachhaven achter finzenis De Marwei. Earst waard tocht dat it fjoer yn in boathûs wie, mar dat wie net it gefal, it wie op in boat.

It fjoer wie frij gau ûnder kontrôle. De brânwacht koe net foarkomme dat de boat útbaarnde. Der binne gjin minsken ferwûne rekke by de brân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)