Twadde ûngelok yn in wike tiid by De Rottefalle

16 jul 2015 - 15:04
  • Ungelok by De Rottefalle

By De Rottefalle binne woansdei twa autobestjoerders ferwûne rekke. Op de krusing Lutswei-Houtigehaachsterwei sloech in 59-jierrige frou út De Rottefalle linksôf. Har auto waard yn de flank rekke troch in auto dy't har yn de mjitte kaam. Dy auto waard bestjoerd troch in 43-jierrige man út Surhústerfean.

Troch de klap botste de frou op in oare auto dy't stie te wachtsjen foar it krúspunt. Beide bestjoerders binne mei letsel nei it sikehûs brocht.

Ferline wike wie op in oare krusing fan de Litswei ek in oanriding. Dêr rekken fjouwer minsken ferwûne.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)