Nij televyzjekanaal foar boeren: Farm & Food TV Channel

16 jul 2015 - 12:23
  • Farm & Food TV Channel

Boeren krije fan septimber ôf in eigen televyzjekanaal. Farm & Food TV Channel wol programma's meitsje oer libben en wurk fan boeren yn it hiele lân, dus ek Fryslân. Der wurde ûnder oare dokumintêres, soaps en portretten fan boeren útstjoerd. Lân-en túnbouorganisaasje LTO Noord is ek belutsen by de stjoerder.

It boere-televyzjekanaal wurdt betelle troch partikulieren en út reklame-ynkomsten. ASTC Media yn Baarn hat de lieding oer de programma's en de stjoerder. Sy ferwachtsje oer twa jier winst te meitsjen mei it kanaal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)