Disel stellen út jiske-auto, graafmasine en frachtwein

16 jul 2015 - 12:14

Yn Boalsert is yn de nacht fan tiisdei op woansdei disel stellen út de tanks fan in jiske-auto, in mobile graafmasine en in frachtwein. De dieven hawwe mei-inoar in 300 liter brânstof ôftape. De jiske-auto en graafmasine stienen oan de Exmorrawei, de frachtwein op it Industriepark. De plysje siket tsjûgen fan de stellerij.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)