Eigeners fan stellen bûtenlânske munten socht

16 jul 2015 - 12:10
  • De stellen munten

De plysje is op syk nei de eigeners fan ferskate bûtenlânske munten. Dy binne oantroffen by in 25-jierrige Ljouwerter dy't oppakt is foar ynbraak. De man soe mids maaie ynbrutsen hawwe yn in wente oan de Ruusbroeckstrjitte yn Ljouwert. Hy is dêrfoar woansdei oppakt troch de plysje.

By de man thús lei it bûtenlânske jild. It giet ûnder oare om jild út Súd-Afrika, Ingelân, Spanje, Denemarken, Switerlân, Amearika en Tsjechië. Der sit ek in betinkingsmunt by fan de Abel Tasman Struuntocht út 2003.

Op de webside fan de plysje stean foto's fan it jild en de sluven dêr't it yn siet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)