Poptaslot pas nei de simmer mei de boat te berikken

16 jul 2015 - 11:57
  • It Poptaslot yn Marsum

De nije farrûte Marsum is letter klear as de bedoeling wie. De farwei fan it Van Harinxmakanaal nei it doarp wurdt net fan 't simmer, mar pas yn it neijier yn gebrûk naam. In nije slûs blykt noch net goed te wurkjen. Fuortendaliks nei de boufak wurdt dat oanpakt. De nije slûs leit tusken de wei de Heak om Ljouwert en it Marsumer Aldlân.

De oannimmer moat ek noch oar wurk dwaan. Salang't er dêrmei dwaande is, giet de farrûte net offisjeel iepen. Wa't dochs mei de boat de rûte fart, docht dat op eigen risiko.

Mei de oanlis fan de rekreative farrûte giet in winsk fan it doarp yn ferfolling. It kin in moaie ynstruier betsjutte. As de farwei klear is, is de toeristyske attraksje it histoaryske Poptaslot berikber foar boatsjetoeristen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)