Proses tsjin gemeenten om fergoeding húshâldlike help

16 jul 2015 - 11:15
  • (stockfoto)

Ferskate Fryske gemeenten moatte harren tongersdei foar de rjochtbank yn Grins ferantwurdzje foar de WMO-fergoeding foar húshâldlike help. Ien kliïnt klaget de tsjinst Sosjale saken en wurkgelegenheid Noardwest-Fryslân oan. De gemeente Dantumadiel moat him ek ferantwurdzje foar de rjochter.

Neffens de rjochtbank is it tal saken oer de húshâldlike help dit jier bot tanaam. Oant no ta binne tûzen minsken dit jier nei de rjochter stapt omdat se it net iens binne mei de lege fergoeding foar húshâldlike help.

Dy tûzen oanklachten betsjutte in taname fan 80 prosint yn fergelyk mei oare jierren. In âlder echtpear út Dantumadiel wie yn novimber ferline jier de earste dy't de gong nei de rjochtbank makke fanwege de gefolgen fan de ynfiering fan de nije Wet Maatschappelijke Ondersteuning. De gemeente krige doe in tik op 'e fingers om de wize wêrop't de gemeente mei de ynfiering fan de WMO omgien wie. Sa krigen in soad âlde minsken en hendikepten folle minder oeren fergoede foar húshâldlike help as foargeande jierren. De fergoeding foar de soarch is oergien is fan it ryk nei de gemeenten, en dy binne minder tasjitlik mei it jild.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)