Lanlike loftmachtdagen takom jier wer yn Ljouwert

16 jul 2015 - 10:50

Fleanbasis Ljouwert organisearret takom jier op 10 en 11 juny wer de lanlike loftmachtdagen. Dy iepen dagen binne om de safolle jier yn de Fryske haadstêd. Fanwege de protten besikers is in soad plysje-ynset nedich en wurde in soad wegen ôfset.

De gemeente Menameradiel sil mei it each dêrop weromhâldend wêze mei it jaan fan fergunnings foar it loftmachtwykein. De gemeente freget minsken dy't op 10 en 11 juny takom jier in evenemint organisearje wolle dêr no alfêst rekken mei te hâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)