Kollum: "It nijs fan de Bûten Post"

16 jul 2015 - 09:54

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op tongersdei de radiokollum fan Bart Kingma. Bart Kingma wennet yn Ried en wurket as programmamakker by Omrop Fryslân. Dêrneist is er kollumnist foar De Moanne en beheart er in eigen webside www.debutenpost.nl. Yn 2010 ferskynde fan syn hân de roman ‘Griene Simmer’. De kollum fan Bart bestiet út in oersjoch fan de (satiryske) nijsberjochten út De Bûten Post.

“By de skûtsjesilerij fan dit jier sil in absolút ferbod komme op folchauto's yn it wedstrydfjild. Dat hat de SKS hjoed bekendmakke. Ploechlieders en fersoargers sille de sylwedstriden fan de kant ôf folgje moatte. De organisaasje fynt it ûnferantwurde om noch langer auto's op it parkoers ta te stean. Foaral foar de feiligens fan de dielnimmers soe it better wêze om alle romte te jaan oan de skûtsjes, sa fynt de SKS. De skippers fan de skûtsjes ha noch net op it nijs reagearre, mar lykje har by it beslút del te lizzen.

Bouboeren yn It Bilt hawwe in soad fidúsje yn de teelt fan in nije jirpelsoart: it Tsipras. Nei de Bildtstar, Rooie Star, Frieslanders en Irenes soe it Tsipras in wolkomme oanfolling wêze op it arsenaal jirpelsoarten dat yn it noarden fan de provinsje ferboud wurdt. It Tsipras is noch net lang op de merk, mar liket him oeral yn Europa al te bewizen as nije soart. De jirpel kin him maklik oanpasse oan drege omstannichheden, en ûntwikkelet him fluch troch gebrûk te meitsjen fan enerzjy fan oare planten yn syn omjouwing.

De jachthavens yn ús provinsje soenen sa gau as mooglik ferbean wurde moatte. Dat fynt de Fryske ôfdieling fan de Partij van de Dieren. Neffens de partij is der sprake fan in ûnearlike striid: de boaten lizze sa ticht by elkoar dat se gjin kant op kinne as se oan jagers ûntkomme wolle. Yn in parsekommunikee lit de partij witte dat de jachthaven in kommersjele foarm fan driuwjacht is dy't net mear fan dizze tiid is. De jagersferiening wol noch net op it ferhaal reagearje.

Sport. Pieter Weening soe der goed oan dwaan om net by te tekenjen by syn wurkjouwer Orica GreenEdge. Dat is it advys dat de measte fan syn doarpsgenoaten út De Harkema oan de hurdfytser jouwe. Weening kin syn kontrakt ferlinge, mar neffens de ynwenners fan De Harkema wit elkenien dat it folle foardieliger is om yn de WAO sitten te gean en sa no en dan in swart putsje te dwaan. Pleatslik Belang seit it sels nuver te finen dat Weening him fan in kant sjen lit dy't perfoarst net by syn achtergrûn past.

Ferkear. Automobilisten dy't op de N361 de ôfslach Lauwerseach nimme, wurdt advisearre om goed út te sjen en de auto oan de kant te setten. Op de ôfslach wurdt op dit stuit hurd wurke yn ferbân mei de oanfier en ferwurking fan grutte partijen garnalen en fisk.”

Lês mear stikken fan Bart Kingma op De Bûten Post. Freed wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Nynke Sietsma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)