Jonge stelt iPhones út tinten op kemping Midslân

16 jul 2015 - 08:48

In 16-jierrige jonge út Ottersum is yn de nacht fan woansdei op tongersdei oppakt foar stellerij út tinten op in kemping yn Midslân op Skylge. In tsjûge hie de jonge trappearre. Hy hâlde him nei de stellerij skûl yn de dûsromte. Dêr fûn de plysje him.

De jonge hat ûnder oare trije iPhones, sigaretten, petten, oanstekkers en koptelefoans stellen. De plysje siket de eigeners fan it guod.

Trefwurden: 
stellerij Midslân tinte
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)