Oane Galama en Marrit van der Wal wer de bêsten

15 jul 2015 - 22:48

Oane Galama hat woansdei yn Drylts de trettjinde fierljepwedstriid fan it seizoen yn de earste klasse wûn. Mei 20.35 wie er de fierste en pakte sa syn sânde deititel. Nard Brandsma waard twadde mei 20.05. By de froulju wie Marrit van der Wal foar de alfde kear de bêste. De winnende ôfstân wie 15.32. Klaske Nauta waard twadde mei 14.62. Sytse Bokma helle by de junioaren syn njoggende deititel. Hy wûn mei 19.43. Bobby Zwaagman waard twadde mei 18.72. Folkert Veldstra wûn mei in pr fan 16.14 by de jonges, Sigrid Bokma by de famkes mei 14.71.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)