Partoer Wagenaar wint yn Minnersgea

15 jul 2015 - 21:42

Krekt as de manlju keatsten ek de froulju woansdeitejûn in frijeformaasjepartij yn Minnertsgea. De winst gie nei Lisette Wagenaar, Leonie van der Graaf en Fenna Zeinstra. Yn de finale wie it trio mei 5-4 en 6-2 te sterk foar Nicole Hempenius en Nynke en Wiljo Sijbrandij. Dat partoer kaam nei in 5-0 efterstân yn de heale finale tsjin Ilse Tuinenga, Sjoukje Visser en Manon Scheepstra dochs noch ta winst. De tredde priis wie wol foar de formaasje fan Tuinenga.

Trefwurden: 
froulju keatsen Minnertsgea
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)