Projekt Holwert oan See posityf foar fargeul It Amelân

15 jul 2015 - 14:46

Giet it miljoeneprojekt Holwert oan See troch, dan kin dat wolris geunstich wêze foar de fargeul tusken Holwert en It Amelân. Dat docht bliken út ûndersyk. Al in skoft wurdt der wurke oan in plan om Holwert mei de Waadsee te ferbinen en it sa toeristysker te meitsjen.

Om dat foar elkoar te krijen moat der in trochgong yn 'e seedyk makke wurde en moat der in saneamd 'spielmar' oanlein wurde. Yn 'e nije spielmar soe wetter opfongen wurde kinne. Dat wetter kin dan wer brûkt wurde om 'e fargeul skjin te spielen.

Al jierrenlang binne der problemen mei de fargeul om't dy tichtsliket.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)