Warskôging plysje Ljouwert foar nepadvertinsje fan aap

15 jul 2015 - 14:30

De plysje Ljouwert warskôget foar in nepadvertinsje op in lokale ferkeapwebside dêr't in aap yn te keap oanbean wurdt. By de plysje kamen hjiroer de ôfrûne dagen meardere meldings binnen. De plysje Ljouwert en de Nederlandse Voedsel en Warenautoriteit (NVWA) hawwe ûndersyk dien nei de advertinsje.

Dêrút hat bliken dien dat it om in nepadvertinsje giet. De foto mei de aap dy't te keap oanbean wurdt, is earder ek al op oare plakken yn Nederlân opdûkt. Ek doe gong it om in nepadvertinsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)