Nederlânske wetterskipsbank ynternasjonaal foarbyld

15 jul 2015 - 14:20

Nederlân hat sûnt 1954 in wetterskipsbank. De wurking hjirfan stiet woansdei sintraal op in ynternasjonale konferinsje fan de Feriene Naasjes yn Etiopië. De bank is oprjochte om wetterskippen en provinsjes sûnder al te folle risiko's fan kapitaal te foarsjen. Dêrneist hoege de oerheden gjin hege rintes te beteljen.

Oandielhâlders binne it Ryk, de provinsjes en fansels de wetterskippen. Neffens bestjoerder Bé de Winter makket Wetterskip Fryslân in soad gebrûk fan de bank foar bygelyks grutskalige dykferbetteringsprojekten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)