Midstrjtte op De Jouwer foar part wer iepen foar fytsers

15 jul 2015 - 12:14

Fan nije wike ôf meie fytsers moarns wer fytse yn it ôfsletten part fan de Midstrjitte op De Jouwer. Dat hat it kollege fan b. en w. fan de gemeente De Fryske Marren besletten, yn oerlis mei de Winkeliersferiening Joure. De wichtichste reden is dat troch it ôfsluten fan de strjitte winkeliers minder klanten oer de flier krije en dêrtroch omset misrinne.

De Midstrjitte wie ôfsletten foar fytsers om it winkeljen nofliker en feiliger te meitsjen. Middeis is de strjitte noch wol ferbean terrein foar fytsers.

De proef duorret noch oant 1 oktober en sil dêrnei opnei evaluearre wurde.

Trefwurden: 
De Jouwer fytsen Midstrjitte
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)