Elkien wol fersakke huzen Grou weromkeapje

15 jul 2015 - 11:47

Wenningkorporaasje Elkien besjocht oft it de fersakke wenningen yn Grou keapje kin. Dêr wurdt no in taksaasje foar dien. Tweintich huzen yn Grou fersakje omdat der in baktearje - de pseudomonas - yn de peallen sit. De helte fan dizze huzen is te hier, mar de oare helte is earder al ris ferkocht troch Elkien.

No wurdt dus besjoen oft Elkien dy weromkeapje kin. Gewoanwei mei dit net, mar de wenningkorporaasje hat hjir tastimming foar krigen fan de minister. Begjin nije wike moat de taksaasje klear wêze.

Wol is it sa dat alle huzen nei ferwachting in stik minder wurdich binne fanwege de ferrotte peallen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)