Bankjes Op de Hoek op De Lemmer bliuwe stean

15 jul 2015 - 11:38

De âlderein op De Lemmer kin sitten bliuwe op de bankjes yn it sintrum. De gemeente De Fryske Marren hat de plannen foar de opknapbeurt fan it sintrum oanpast nei oanlieding fan protesten fan de alderein. De gemeente woe de rûne bankjes oan de Op de Hoek fuorthelje en ferfange foar rjochte bankjes.

De alderein wist mei in aksje mear as 200 hantekeningen tsjin de plannen te sammeljen. De gemeente hat nei oerlis mei de groep besletten dat de opstelling fan de bankjes gelyk bliuwt en dat guon muorkes oanpast wurde.

De gemeente ferwachtet yn oktober mei it wurk begjinne te kinnen.

Trefwurden: 
De Lemmer bankjes Op de Hoek
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)