Kollum: "Boargemastersweryndieling"

15 jul 2015 - 10:18

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op woansdei de radiokollum fan Eelke Lok fan De Gaastmar. Eelke Lok wurket al jierren foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio. Op dit stuit presintearret hy op televyzje it programma ‘Gewest Fryslân’. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is.

"Midden yn septimber komt der in man oan de doar fan it gemeentehûs yn Frjentsjerteradiel. Ien en al útstrieling fan in snelle ûndernimmer en VVD-er. Hy wol dan daliks ek efkes mei de boargemaster prate. Sokken sjogge gjin wethâlder stean. Hy seit, ja ik ha foar de fakânsje hjir ek al west, in goed petear mei dy man hân, dat woe ik eins wol ôfmeitsje. We wolle hjir sa’n tsien miljoen ynvestearje, sju.

It spyt de boade wol, mar it kin net. Wat, is de boargemaster der net, hoe hjit er ek al wer, Veenstra of sa wat.. Jawol, mar it is no in oaren. Van Mourik. No, dat hie’k net lêzen dat jim in oaren krigen, ik miende sels dat dy fan jim wer herbeneamd wurde soe. Mar goed, dan in nijen dus, dan moat ik dus mei him prate. Van Mourik seinen jo.

No ja, mar dat jout jo neat, want dizze is der mar efkes. Waarnimmer foar in pear wiken. In pear wiken? Ja dizze moat fiele hoe’t it yn Frjentsjerteradiel is. Hy komt fan Menameradiel, sju. En dêr sit jim boargemaster no? Nee, dy sit op It Bilt. Wat is dat foar gedoch? No ja, oer in jier as wat krije wy dy oare gemeenten derby, sa prate se nammentlik yn Frjentsjerteradiel, en no moatte se fiele hoe’t it yn in oare gemeente is.

Mar wurde se dan oer in pear jier allegear boargemaster fan dy gemeente, dy’t wol Westergo neamd wurde sil? No nee, dy fan ús is de jongste, dy sil it wol wurde, en dan kinne dy oare beide wol mei pensjoen, dy krije ek noch wat jild fan Ljouwert, dêr't se wethâlder west hawwe. Dus om te fielen hoe’t it is om mei pensjoen te gean, binne je efkes in pear wike boargemaster fan Frjentsjerteradiel. Ik leau, myn ynvestearinkje moat mar earne oars.

Midden yn septimber komt de tsjinstauto fan de gemeente Littenseradiel foarriden by it provinsjehûs. Boargemaster Liemburg stapt út en rint mei grutte stappen yn de rjochting fan de keamer fan kommissaris fan de Kening John Jorritsma. Se is âld-deputearre en hat dus gjin paske nedich, en dat is mar lokkich, want se is goed nidich, dat kin je sjen. Je kinne efkes letter troch it hiele provinsjehûs de lûden hearre as se Jorritsma fertelt dat ek de doarpen Winsum, Baaium, Spannum en Wjelsryp nei dy nije gemeente Westergo gean sille.

En dus wol ik ek fiele hoe’t it yn in oare gemeente is. As dy manlju dat fiele meie, wol ik dat ek fiele. En ik kin it bêste nei Frjentsjerteradiel, dêr hawwe se de PC en dat wol ik ek wol fiele, ek al hat dy al west, mar dan kinne je teminsten fiele yn wat foar sfear ús Frysk kampioenskip fierljeppen fan Winsum telâne komt. Dat wol ik ek fiele.

Midden yn septimber begrypt de kommissaris ynienen dat hy faald hat. Hoe moat hy dit wer goedprate en goedmeitsje. Hy skillet mei de waarnimmend boargemaster fan It Bilt dy’t no yn Menameradiel sit. Gerrit Krol is moai âld, dy wol miskien wol ferskowe. Dan hat Liemburg ek in plakje. Mar Krol is net te berikken. Dy is yn oerlis mei FNP en Gemeentebelangen. Dy fine, om't harren partijen dat yn Ljouwerteradiel ek hawwe, dat se spul hawwe mei har eigen boargemaster. Mar hokker boargemaster dan, der is ynienen in oare boargemaster, hawwe se dêr no ek spul mei? Begryplik dat Gerrit Krol no mei Willem Roersma oan de holle, it te drok hat om in petear oer waarnimmerskip te hâlden.

Midden yn septimber skillet Jorritsma mei It Bilt. Hy freget nei Veenstra dy’t dus in pear wiken op It Bilt sit. Ja, eh nee, eeh, ja, Veenstra sliept. "Slaapt?" Ja no ja, sju kommissaris, hjir op It Bilt bart nea wat. Inkel Leendert Ferwerda beweecht noch, fierder net ien mear. Dus Veenstra komt hjir moarns, giet lizzen en sliept de hiele dei. Hy bekomt echt efkes fan Frjentsjerteradiel, sa sei er. Dêr binne allegear idioaten dy’t har de hiele dei oeral mei bemuoie wolle. Dat is hjir net sa. "Maar hij moet sfeer snuiven." Ja dat docht hy wol. Hear mar. Hy snurket. Krol docht al jierren itselde."

Lês alle kollums fan Eelke Lok werom op syn side Weblok. Tongersdei wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Bart Kingma.

Trefwurden: 
Eelke Lok De Toan fan
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)