Pieter Weening kin kontrakt ferlinge by Orica GreenEdge

15 jul 2015 - 09:50

As it oan de ploechlieding leit, dan kin hurdfytser Pieter Weening de kommende jierren foar it Australyske team Orica GreenEdge riden bliuwe. Neffens syn ploechlieder binne se yn petear mei Weening en wolle se him graach hâlde.

Weening rydt sûnt 2012 foar Orica. Syn kontrakt rint dit jier ôf. De Harkyt sjocht it sels ek wol sitten om te bliuwen, mar wol him foar no konsintrearje op de Tour de France.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)