Online help foar sliepproblemen, stress en swiermoedich wêze

14 jul 2015 - 19:18

Goed tweintich Fryske húsdokters biede online help oan foar pasjinten dy't lichte psychyske klachten hawwe. Hjirby kin tocht wurde oan minsken dy't stress hawwe, somber binne of net goed sliepe kinne. Foar dizze pasjinten binne op ynternet programma's te finen mei dêrop filmkes en opdrachten dy't helpe kinne om rapper better te wurden.

Dizze programma's wurde fergees oanbean en kinne ekstra folge wurde neist in gewoane behanneling yn de praktyk.

De ferwachting is dat der troch sokke helpmiddels minder Friezen nei in GGZ-ynstelling hoege en dat is wer goed foar de wachttiden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)