Op 'e nij aksjes by metaalbedriuw Harsco Koatstertille

14 jul 2015 - 16:29

Meiwurkers fan it bedriuw Harsco yn Koatstertille sille dizze wike op 'e nij aksje fiere foar in nije CAO yn de grutmetaal. Woansdei sil personiel mei in bus nei de haadfêstiging yn Vlaardingen. Dêr wurdt in lawaaiaksje hâlden.

Tongersdei stiet fan healwei achten oant healwei alven in ekstra lang wurkoerlis pland en foar freed stiet in 24-oers staking op it programma. De fakbûnen binne lilk omdat de direksje noch net temjitte komme wol oan har easken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)