Ynwenner Garyp trappearret twa ynbrekkers

14 jul 2015 - 15:12

De bewenner fan in hûs oan de Earnewarre yn Garyp hat ferline wike twa ynbrekkers trappearre. It duo hie it hûs folslein oer de kop helle. Doe't se de bewenner seagen, binne de twa ynbrekkers útnaaid.

De plysje siket tsjûgen dy't yn de nacht fan tongersdei op freed wat sjoen hawwe oan de Earnewarre. Ek wol de plysje yn kontakt komme mei de bestjoerder fan in auto dy't dy nacht mei maleur op de Fonejachtbrêge stie.

Trefwurden: 
ynbraak ynbrekker Garyp
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)