Gjin grut súkses Jannick de Jong yn Marmande

14 jul 2015 - 09:20

Jannick de Jong is der moandeitejûn net yn slagge de A-finale fan de ynternasjonale gersbaanwedstriden yn it Frânske Marmande te heljen. De Gordykster wûn twa searjes, waard in kear twadde en tredde en foel ien kear út. Yn de twadde heale finale waard er tredde en sadwaande hie Jannick de Jong ien punt temin. Yn de einstân waard er sechsde, Erik Riss wûn de wedstriid. Sneon komt De Jong opnij yn aksje. Yn Staphorst moat er dan syn Europeeske titel ferdigenje. Henry van der Steen fan Aldebiltsyl komt ek oan de start yn Staphorst.

Trefwurden: 
gersbaan Jannick de Jong
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)