Ried It Amelân tsjin bou grut wellness-sintrum

13 jul 2015 - 21:40

Op It Amelân komt gjin grut wellness-sintrum. In mearderheid fan de gemeenteried hat moandeitejûn tsjin de bou fan in grut resort mei hûndert hotelkeamers stimd. De stimming einige yn sân stimmen tsjin en fjouwer foar.

De tsjinstimmen kamen fan de fraksjes Algemeen Belang Ameland, CDA en ien fraksjelid fan Ameland'82. Sy fine de akkommodaasje net passen yn it eilanner lânskip.

It plan kaam fan de Flylanner ûndernimmer Harry Westers. It giet om in park mei 100 apparteminten of hotelkeamers by it gebiet De Vleyen bij Nes.

De wjerstân op It Amelân tsjin it plan hie him organisearre yn aksjegroep 'De Waakvlam'. Se wize der op dat dit gebiet, mei ûnder oaren diskoteek De Swinging Mill, te drok is en dat foar wellness rêst en romte nedich is. Boppedat fine de aksjefierders it projekt te grut foar it lytsskalige karakter fan It Amelân.

Der wienen lykwols ek eilanners fóar it plan. VVV-direkteur Cinto Prosperi tinkt dat it wellness resort miskien wol 100.000 ekstra besikers opsmite sil, ek bûten it heechseizoen. Neffens him past it plan krekt hiel goed op It Amelân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)