Beslút oer wellnessresort op It Amelân falt moandei

13 jul 2015 - 17:09
  • Gemeente It Amelân

De gemeenteried fan It Amelân nimt moandei in beslút oer it plan foar de bou fan Bad, Wellness- en Spa Resort Noordsee. It plan fan de Skylger ûndernimmer Harry Westers en it bedriuw Kontour Vastgoed soarget op it eilân foar in soad diskusje.

Foarstanners binne bliid mei de nije foarsjenning dy't foar folle mear toeristen soargje moat. Tsjinstanners fine it plan te grutskalich en net passen yn it lânskip.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)