Plysje ropt tsjûgen sjitpartij Bilgaard op har te melden

13 jul 2015 - 16:59

De plysje docht in oprop oan minsken dy't wat sjoen hawwe fan de sjitpartij ferline wike moandei yn de Bilgaardpassage yn Ljouwert om har te melden. Neffens de plysje hawwe ferskate minsken tsjûge west fan de sjitpartij. Dat docht bliken út bylden fan bewakingskamera's.

By de sjitpartij rekke in 16-jierrige Ljouwerter ferwûne. It slachotffer en de skutter hiene earder rûzje meielkoar krigen op it fytspaad tusken De Kei en De Jokse. Ek minsken dy't dêr wat fan meikrigen hawwe wurdt frege om har te melden by de plysje.

Trefwurden: 
tsjûgen sjitpartij Bilgaard
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)