Pieter Weening: "Myn Tour begjint no"

13 jul 2015 - 16:40

Foar Pieter Weening begjint de Tour de France no echt. Mei syn ploech Orica-GreenEdge hie de Harkemaster in beroerde wike. Trije ploechmaten-Simon Gerrans, Michael Albasini en Daryl Impey-rekken troch falpartijen út koers. Weening sels hat gjin maleur hân en syn akku sit noch aardich fol. Snein mei de ploegetiidrit makke syn ploech der in toerritsje fan.

Tiisdei begjinne de berchetappes yn de Pyreneeën. Pieter Weening, de winner fan de etappe op 9 july 2005 yn Gérardmer, hat der nocht oan. Ien kear yn de goede ûntsnapping kin súkses bringe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)