Dennis Johnsen nije oanfaller SC Hearrenfean

13 jul 2015 - 15:56

SC Hearrenfean hat in nije oanfaller fêstlein. De 17-jierrige Dennis Johnsen hat in kontrakt foar trije jier tekene. It Noarske fuotbaltalint kin op de rjochter-en linkerkant spylje.

Johnsen komt fan de Noarske klup Rosenborg. Hy slút earst oan by de A-junioaren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)