Utslaande autobrân by tankstasjon oan de A7

13 jul 2015 - 15:45

By tankstasjon De Vonken oan de A7 tusken Beetstersweach en De Tynje hat moandei in útslaande autobrân west. De minsken dy't yn de auto sieten, koene op tiid fuortkomme en ek noch de karavan fan de auto loskoppelje. Personiel fan it tankstasjon hat earst besocht it fjoer sels te blussen, mar krige letter help fan de brânwacht.

De sneldyk wie yn ferbân mei de brân koarte tiid ôfset foar it ferkear. De oarsaak fan de brân is net bekend. De dupearre fakânsjegongers binne opfongen troch meiwurkers fan it tankstasjon.

Trefwurden: 
A7 autobrân
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)