Riedseal Harns werom yn kleuren fan 1730

13 jul 2015 - 15:18

Der wurdt op dit stuit hurd wurke om de riedseal fan Harns wer yn âlde gloarje te herstellen. Der moast dochs in opknapbeurt dien wurde. En dat like de gemeente in moaie gelegenheid om de seal yn de alderearste kleuren te fervjen. Sa't it yn 1730 wie.

Oan de opknapbeurt gie in kleurhistoarysk ûndersyk foarôf. Dat is om te sjen wat der as earste oan ferve siet op de lambrisearring. De hiele opknapbeurt nimt in wike as fiif yn beslach. Dan wurde ek oare parten fan it gemeentehûs skildere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)