Marrit Steenbergen yn seleksje foar WK swimmen yn Ruslân

13 jul 2015 - 14:48

Marrit Steenbergen út Easterwâlde is selektearre foar it WK langebaanswimmen. Se sil diel útmeitsje fan de estafetteploech op de 4x100 meter frije slach. It WK swimmen is fan 2 oant en mei 9 augustus yn Ruslân.

De pas 15-jierrige Steenbergen wie op de Europeeske Spelen yn Bakoe oppermachtich mei ien gouden en fiif sulveren medaljes. Se makke yndruk mei har rappe tiden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)