Bestimming socht foar replika tsjerkje

13 jul 2015 - 14:36

De stichting Alde Fryske Tsjerken en it Natuurmuseum Fryslân yn Ljouwert sykje in nije eigener foar it terptsjerkje dat no tydlik yn it museum stiet. It tsjerkje is ûnderdiel fan de eksposysje 'Goddelijk Groen'. It is in replika fan de tsjerke fan Sânfurd dy't op in skaal fan 1 op 2 neiboud is.

De boubedriuwen dy't it tsjerkje makke hawwe, wolle graach dat it bouwurk nei de eksposysje in nije bestimming krijt. Wa't ideeën hat, kin him melde by de stichting Alde Fryske Tsjerken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)