Keunstner siket 'Freerkjes' foar útstalling yn Dokkum

13 jul 2015 - 11:02
  • Frea Snijders op syk nei Freerkjes yn Dokkum

Keunstner Frea Snijders is op syk nei nammegenoaten: minsken dy't ek 'Freerkje' hjitte. Snijders makket diel út fan it keunstnerskollektyf "6kilometerperuur10meterdiep" dat dwaande is mei in nij wurk yn Dokkum, mei as tema "bine".

De eksposysje fan de byldzjende keunstners dy't yn de trije noardlike provinsjes wurkje, is oant en mei 26 july te sjen yn Dokkum. Frea hat mar twa Freerkjes om sjen te litten; in portret fan har beppe en in selsportret. De syktocht is noch net dien, Freerkjes kinne har noch altyd melde by de keunstner.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)