Tried oer boskpaad spand: fytser ferwûne oan kiel

13 jul 2015 - 10:13

In 11-jierrige jonge is sneintejûn op in boskpaad neist skoalle De Opdracht yn Oerterp tsjin in tried fytst, dy't oer it paad spand wie. De elektrisiteitstried hong op kielhichte. Doe't it slachtoffer der tsjinoan fytste, knapte de tried. Dat hat neffens de plysje syn gelok west, oars wie de jonge slim ferwûne rekke. Hy rekke no licht ferwûne oan syn strôte.

De plysje ûndersiket wa't de tried spand hat.

Trefwurden: 
fytser kiel boskpaad tried
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)