Kollum: "De sjarme fan Piet Paulusma"

13 jul 2015 - 10:04

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op moandei de radiokollum fan Nynke van der Zee fan Aldegea (Smellingerlân). Nynke is freelance-tekstskriuwer en ek wurket sy geregeld as buroredakteur op de redaksje fan Omrop Fryslân. Nynke skriuwt kollums sa’t sy sels is: nuchter, mar eins altyd mei in knypeach.

"Ofrûne tongersdei makken wy op de simmermerke yn Harns radio op lokaasje mei Geert yn de middei. Ik stie yn it sintsje op it terras fan kafee De Weinstube, doe’t der in man nei my takaam. Is Piet Paulusma der ek, frege er. Nee, spitich genôch net, sei ik. It duorre mar efkes oft der kaam in frou myn kant op. Wêr’t Piet Paulusma wie. Dy is der net, sei ik. Skande, mompele se, dat fyn ik no altyd sa’n aardige fent.

Piet Paulusma, fans fan ús waarman binne net te missen as jo mei de Omrop op 'en paad gean. No stiene wy dit kear fansels yn Piet syn ‘hometown’ Harns, mar ik ûntduts jierren lyn al dat de sjarme fan ús waarman ek fier oer de provinsjegrinzen hinne giet. Op myn staazje fjouwer jier lyn mocht ik in dei meirinne mei Albert Jensma foar it programma K-rûte. Foar in portret oer dûmny Zelle rieden wy al hiel nei Seelân, dêr’t Freark Smink syn foarstelling oer de ferneamde dûmny spylje soe.

Yn de Omrop-garaazje keazen wy moarnsbetiid foar in moaie bestickere auto, mei dêrop de kop fan Piet Paulusma. Hoefolle minsken der ûnderweis wol net nei ús swaaid hawwe, ik koe de tel yn de Noardeastpolder al net mear byhâlde. Benammen bern dy’t entûsjast troch it autorút gluurden as wy se ynhellen. En dan teloarsteld skodhollen wannear’t se seagen dat Piet der sels hielendal net ynsiet. Oant en mei Seelân ha ik út namme fan Piet mar fanatyk oan it weromswaaien west.

Dy sjarme fan Piet, wêr sit ‘m dat no krekt yn? Ik ha der ris oer neitocht. Alderearst is Piet gewoan Piet. Doch mar gewoan, dat is al gek genôch. Dêr’t syn SBS6-kollega’s Viktor Brand, Patty Brard en Gerard Joling yn glitterpakjes en mei in lading plamuer op ‘e holle op telefyzje ferskine, stiet Piet gewoan yn syn blauwe bodywaarmer mei op it boarst it logo fan shantykoar De Skúmkoppen út Harns. En oft er no tusken de kakkers stiet by in Gooisch golftoernoai yn Blaricum of te midden fan in groep boeren op it Flaeijelfeest yn Nijhoarne, it makket Piet neat út.

Dan Piet syn twadde sterke punt: hy liicht nea. Fansels hat er it wolris by it ferkearde ein as er sinneskyn waar foarseit en de rein mei bakken út de loft komt. Mar dat jout er dan ek grif ta yn it folgjende waarberjocht. ‘Tsja, ik hie it sels ek graach wat oars sjoen’, seit er dan. En dan tinke wy allegearre in bytsje pissich: Ja Piet, wy ek. Mar dan sjocht er ús mei syn betroubere brune labradoreagen oan, en ach dan kinst eins ek net oars as ‘m mar wer ferjaan.

Mar Piet syn grutste sjarme is noch wol syn talint om hiele gewoane saken op poëtyske wize om te toverjen ta Cruijffiaanske peareltsjes. Sa sei er op 2 july, midden yn de hittegolf op de meast stikhite dei fan it jier, it folgjende: "Dan op nei it waar fan moarn, dat wurdt in oare dei as hjoed, elkenien sil sizze; ja, dat is ek sa, en dat is natuerlik ek sa, mar it wurdt wol in oare dei."

Geniaal dochs? Eins seit er neat, mar dochs heart as leit ús Piet ús hjir yn ien sin de kearn fan ús hiele minsklike bestean út. Moarn wurdt in oare dei as hjoed. Hatsjikidee. Set mar op in tegeltsje. Kin moai njonken dy oare libbenswiisheid: Wêr't wy op de wrâld ek binne, oeral skynt deselde sinne. No ja, as it net reint dan. Aanst mar wer efkes nei Piet lústerje."

Noflike moandei!

Folgje Nynke van der Zee op har webside www.nynketxt.nl. Tiisdei wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Willem Schoorstra.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)