Westra fjirde yn ploegetiidrit, Mollema bûten top 10 TdF

12 jul 2015 - 17:29

Hurdfytser Lieuwe Westra fan De Tynje is krekt bûten it poadium einige by de ploegetiidrit. Hy finishte mei syn team Astana as fjirde yn in tiid fan 32.50. BMC pakte de winst yn de ploegetiidrit oer 28 kilometer fan Vannes nei Plumelec yn 32.15.

Team Trek Factory Racing mei Bauke Mollema út Ljouwert as kopman kaam nei 33.40 oer de finish en waard dêrmei 11e. Mollema sakke hjirtroch út de top 10 yn it algemien klassemint. Pieter Weening die it nei eigen sizzen kalm oan en sette mei syn ploech Orica-GreenEdge in tiid fan 37.13 op 'e klok.

Dêrmei einigen se as lêste op plak 22. Moandei hawwe de hurdfytsers in rêstdei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)