Wurk oan N381 by Easterwâlde klear, dyk is wer iepen

12 jul 2015 - 12:09

De N381 tusken Easterwâlde en de oansluting mei de Drintske grins is wer iepen. Dit wykein wie de dyk ticht fanwege wurksumheden. Oannimmer Heijmans hat ûnder oaren it fiadukt by Hildenberg oanpakt en oer it hiele stik dyk nij asfalt oanbrocht. Sneintemoarn wie de dyk wer klear foar gebrûk.

De provinsjale dyk moat oan de ein fan dit jier foar in grut part klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)