Rektifikaasje plysje oer ûngelok Ofslútdyk

12 jul 2015 - 09:22
  • Kop-sturtbotsing tusken twa auto's

It ûngelok, freedtejûn op de Ofslútdyk, is net feroarsake troch in frou út Amsterdam, mar troch in frou fan De Jouwer. De plysje hat dit hjoed bekendmakke; se hiene troch fersin de gegevens fan de belutsen persoanen ferwiksele. Earst hie de plysje melden dat in 36-jierrige frou út Amsterdam te let wie mei remjen en op har foargonger botste. Mar it wie in 44-jierrige frou fan De Jouwer dy't achteroan ried en te let seach dat se ôfremje moast. Dizze frou en har 13-jierrige dochter rekken beide ferwûne.

Ek de ynsittenden fan de oare auto moasten mei ferwûnings nei it sikehûs. Njonken de 36-jierrige bestjoerster wiene dat har man fan 41 jier, harren 2-jierrige dochter en in lytse poppe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)