SC Hearrenfean wint oefenduel yn Koudum mei 4-1 fan Volendam

11 jul 2015 - 23:13

Sportklup Hearrenfean hat sneon de oefenwedstryd tsjin Volendam mei 4-1 wûn. Yn Koudum kaam de ploech fan trainer Dwight Lodeweges nei in healoere op foarsprong troch in goal fan âld-Volendammer Henk Veerman. Yn de twadde helte makke Dylan Mertens nei in kertier gelyk.

Fuort dêrnei waard it hiele alvetal fan Volendam wiksele. Rannick Schoop sette de Feansters doe flot op 2-1, en yn de lêste fiif minuten soargen Luciano Slagveer en Branco van den Boomen foar de 4-1 einstân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)