Thomas en Bart Helmholt de bêsten yn Zegveld

11 jul 2015 - 21:32

Thomas Helmholt mei 20.25 en broer Bart mei 19.95 makken de fierste sprongen op de twadde wedstriid fan de nasjonale kompetysje fierljeppen yn Zegveld. Jaco de Groot waard yn it Utrechtse plakje tredde mei 19.77. By de froulju ek twa Friezinnen op ien en twa. Marrit van der Wal wûn mei 15.45, Klaske Nauta ljepte 14.81. Ek de junioaren sloegen foar master op. Freark Kramer wûn mei 18.00, Jan Teade Nauta waard twadde mei 17.79. By de froulju waard Jessica Snoek tredde mei 14.80, Ricardo Faaij helle itselde plak mei 17.77 by de junioaren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)