Deadlik slachtoffer Stiens is man út Mildaam

11 jul 2015 - 20:42

De man dy't sneontemiddei omkaam is by in ûngelok op de Middelseewei yn Stiens is in 63-jierrige ynwenner fan Mildaam. Syn 60-jierrige frou rekke by it ûngelok swierferwûne en is nei it sikehûs yn Ljouwert brocht. Oer har krekte tastân is neat bekend.

De auto fan it echtpear kaam yn botsing mei in touringcar. Dy brocht in groep bern werom nei Dútslân nei in fakânsje op It Amelân. De sjauffeur (68) fan de bus is meinaam troch de plysje. De bern binne oerstapt yn oare bussen fan it selskip, dy't achter de troffen bus oanrieden.

Doe't de auto yn 'e brân flein wie, hawwe omstanners de frou der úthelle. In foarbykommende húsdokter hat dêrnei earste help ferliend. Fanwege de hjitte slagge it net om de man út de auto te heljen. Doe't de helptsjinsten oankamen wie er al ferstoarn.

De plysje is noch dwaande mei it ûndersyk nei de krekte tadracht fan it ûngelok. Op de dyk hat spoare-ûndersyk west en der is mei tsjûgen praat. De bussjauffeur moat noch heard wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)