Keatspartij yn Kaatsheuvel kriget takom jier in ferfolch

11 jul 2015 - 18:12

De alderearste keatswedstriid yn Kaatsheuvel is sneon wûn troch Marcus Frietema út Skettens, Lolke Bergstra út Grou en Thomas Frietema út Skettens. Der wiene twa pûlen. Yn de B-pûle gong de winst nei Sybren Veenstra, Milo Arnoudse en Berend Smit.

De partij waard organisearre troch Tony Gijswijk. Hy kaam yn de kunde mei it keatsen troch syn skoanfamylje út Fryslân. Op syn fraach oft der yn Kaatsheuvel keatst waard, krige der frjemde blikken. Dat wie oanlieding foar Gijswijt om in partij te organisearjen. Takom jier folget de twadde edysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)