Notaris moat fiks bedrach oan jachthaven betelje

11 jul 2015 - 17:16
  • Jachthaven Warten

In notaris út Ljouwert moat hast in heal miljoen euro betelje oan de stifting Jachthaven Warten. Neffens de rjochter is de notaris ferantwurdlik foar de finansjele gefolgen fan in fout yn in splitsingsakte. Yn 2003 is yn in diel fan de jachthaven in wenarkeplan realisearre. De bedoeling wie dat diken, ynfrastruktuer en grûn diels by de jachthaven bliuwe soe. By de oanlis fan it arkeplan is neffens de rjochter troch in bestjoerslid fan de jachthaven net goed dúdlik makke wêr't yn de splitsingsakte de grins lizze moest.

Dochs wurdt de notaris foar in grut part ferantwurdlik holden foar dit fersin

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)