Falsk jild op merk It Hearrenfean

11 jul 2015 - 16:21

De plysje hat op de merk op It Hearrenfean in persoan oanhâlden fanwege it keapjen mei falsk jild. It giet om bryfkes fan 50 euro. Earder op de dei warskôge de plysje fia twitter al dat der falske bryfkes fan fyftich yn omloop wienen. De plysje sil de saak fierder ûndersykje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)