Deadlik ûngelok by Stiens

11 jul 2015 - 16:10

By in ûngelok by Stiens is in man om it libben kaam, in frou is slim ferwûne nei it sikehûs yn Ljouwert brocht. De twa sieten yn in auto, dy't op in krusing oanriden waard troch in Dútske touringcar. De auto fleach derop yn 'e brân. De frou koe út de auto helle wurde, by de manlike bestjoerder slagge dat net. Dy ferstoar op it plak fan it ûngelok. De sjauffeur fan de bus is oanhâlden. Wat der krekt gebeurd is, wurdt noch ûndersocht. Yn de bus sieten bern, dy binne mei oare bussen nei har bestemming brocht.

De helptsjinsten waarden massaal oproppen, dat hie ûnder oare te krijen mei it feit dat der bern by belutsen wienen. It ûngelok wie op de Middelseewei, dy hat in skoftlang ôfsletten west.

Trefwurden: 
ûngelok Stiens deadlik
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)